
Bedrijfsprofiel · Opleidingsinstituut / bedrijfstrainingen
SFBO - Kennissintrum meartaligens jonge bern
- Higher Education
- Opleidingsinstituut / bedrijfstrainingen
- Leeuwarden
- Higher Education · Leeuwarden
- Medewerkers
- 11–50
- Provincie
- Friesland
- Land
- Nederland
Over SFBO - Kennissintrum meartaligens jonge bern
Oer it SFBO Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) wol alle bern yn Fryslân de kâns biede har twatalich te ûntwikkeljen. Wy helpe liedsters yn 'e berne- en pjutte-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.
Bewust taalbelied Jonge bern binne fan natuere taalgefoelich. Troch yn in meartalige omjouwing mei in bewust taalbelied te wurkjen, komt dy natuerlike taalgefoeligens goed ta syn rjocht. Yn situaasjes dêr’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal is it wichtich om der benammen yn de pjutte- en beukerperioade foar te soargjen dat de minderheidstaal net ûndersnijd. Dêrneist is it fan belang in foar bern heldere struktuer oan te bringen yn it twatalige oanbod. Troch it taalbelied goed yn te rjochtsjen joust bern de kâns om harren boartsjendewei twa talen eigen te meitjen.
Wurkwize Wy geane by de lokaasjes foar pjutte-opfang en berne-opfang del om te helpen by it kreëarjen fan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: yn it team meitsje de pm'ers ôfspraken oer hoe't de talen in fêst plak krije yn it oanbod. Alden wurde dêr fansels by belutsen. We jouwe ynformaasje en hâlde âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. Us ûnderfining is dat goed ynformearre âlden har prima fine kinne yn it Frysk- of twatalich belied. Fierder hawwe wy in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje dy’t de plakken beoardielet op it útfieren fan it belied. As dat ynoarder is, komme de organisaasjes yn oanmerking foar in sertifikaat en in subsydzje fan €2250 fan de Provinsje Fryslân.
Trefwoorden
- Begelieding Foarskoalsk
- Edukaasje Jonge Bern
- Meartaligens Jonge Bern
- Taalplan Frysk 2030
Adres
Hoofdkantoor
Westersingel 48913CK LeeuwardenFriesland, Nederland
Team per functiegebied
Gebaseerd op 6 openbare functieprofielen, stand van 4 september 2026.
- Other / Unclassifiable3
- Administrative / Office2
- Consulting / Advisory1
Vergelijkbare bedrijven
Bedrijven met een vergelijkbaar profiel, eerst die uit Friesland.
BaanBattle
Professional Training & Coaching · Leeuwarden
11–50 medewerkersBekijk profiel
Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning
Research · Leeuwarden
2–10 medewerkersBekijk profiel

Afûk
Writing and Editing · Leeuwarden
11–50 medewerkersBekijk profiel
Stichting Belofte Fryslân
Civic & Social Organization · Leeuwarden
2–10 medewerkersBekijk profiel

Boppe yn Fryslân
Non-Profit Organization Management · Oudeschoot
2–10 medewerkersBekijk profiel

BSF
Libraries · Leeuwarden
11–50 medewerkersBekijk profiel